Wy nimme jo mei nei it ytkafee fan Bertha Wolters.
Yn har, nei frituerfet rûkende, kafee ‘de Waarme Bal’ is iten no júst net genôch.
Har ytkafee wurdt finansiere troch har neef dy't lykwols tinkt dat it in sjyk restaurant is.
As er dus syn opwachting makket sjit de panyk Bertha om har liif. Yn 24 oeren moat it kafee omtsjoend wurde ta restaurant. Dêrmei stiet de deistige gong fan saken yn de kroech behoarlik op'e kop.
Stamgast Mieke moat hommels de rol fan in kreaze sjike dame oannimme,
Bertha’s ûnhandige freon Job stroffelet fan de iene ramp yn de oare, de swijsume stamgast Henk wegeret om fuort te gean en Bertha’s jaloerske hoareka-buorfrou soarget foar ûngedierte...
Wolkom yn 'De Waarme Bal'
Toaniel Sumar